Ljouwerter skûtsje klear foar de winst nei grutte renovaasje

It Ljouwerter skûtsje de Rienk Ulbesz moat wer winne. Dat is de grutte winsk fan foarsitter Marco Quak fan it Ljouwerter skûtsje. It skip is it ôfrûne heal jier hielendal opknapt by in werf yn Harns. It part fan de romp is fernijd, it roefke is ferfongen en ûnder oaren de boaiem hat in nije coating krigen. It is de bedoeling dat it skûtsje yn de takomst wer meidocht om de prizen. De ôfrûne tiid slagge dat mar kwalik. It skûtsje wie slap en wie dreech op koers te hâlden. De renovaasje hat goed oardel ton koste.